Nieuwjaarsspeech CdK A. Brok

Posted on januari 3, 2020

0


Leeuwarden, – (friese versie)

Nijjierstaspraak kfdK drs. A.A.M Brok
Provinsjehûs Ljouwert 3 jannewaris 2020
Sprutsen wurd jildt!
Bêste minsken!
It giet goed mei Fryslân!

  • It gaat goed met Cambuur (Liwwadders)!
  • It tal banen yn Fryslân nimt ta
  • It tal ynwenners groeit
  • De bêste supermerk fan Nederlân is de Poeisz
  • Omrin is it meast duorsume bedriuw fan Nederlân
  • De sterkst groeiende regio’s yn Nederlân kwa ekonomy yn 2020 sille
    wêze: regio Utert, Amsterdam, Eindhoven en de regio Súdwest Fryslân!
    En last but not least…
    De eksport nei bûten Fryslân fanút de Dokkumer Vlaggen Centrale fan
    de Fryske flagge is it lêste healjier tanommen mei 30% …
    De Fryske flagge wappert bûten ús provinsje al lang net mear allinich op
    it etiket fan de kofjemolke …
    Mar dochs…
    Op de drompel fan it nije jier is der ek skaad …
    Alden út Drachten moatte troch in stekparty ôfskie nimme fan har soan,
    dy’t op de Intensive Care krekt 16 jier wurden wie…
    Yn de mist fan âldjiersdei komt in 58-jierrige ynwenster fan Dokkum om
    op de grutte dyk by Akkrum… tsientallen auto’s botsten yn de tichte mist
    op inoar.
    Wat seit ‘súkses’ as dyn bern, dyn partner jûns net mear thús komt…
    As earste wol ik koart yngean op it kontenerynsidint mei de MSC Zoe …
    Tonnen oan plestik kamen yn ús ekosysteem.
    Fan de 342 konteners binne 301 weromfûn en tanksij in soad frywilligers
    en ynstânsjes is der in soad opromme.
    Mar … it is skrinend te sjen dat de reder in ‘kat en muisspel’ liket te
    spyljen oer de kosten fan dit debakel …

2
In moreel appél is rjochte oan dôvemansearen.
Foar it Waadgebiet is der ek goed nijs! Op 1 jannewaris set, nei in lange
politike diskusje yn De Haach, de Behearautoriteit Waadsee útein! De
haadfestiging komt yn Ljouwert.
Twadde punt: 2019 wie foar de provinsjale polityk it jier fan in nije ronde.
Ferkiezings yn maart. Nije Provinsjale Steaten en in nij Kolleezje.
Wa’t seit dat provinsjale polityk saai is, hat it op’e nij mis.
Der wie yn en om dit hûs genoch ‘ferdivedaasje’….
In soad eigners fan ús 308.000 molkkij kamen op besite en net sûnder
reden.
In 2017 sei Kommissaris Leemhuis-Stout op dit plak by it nijjierssûpke
dat der in gebrek is oan wurdearring foar de boeren foar harren bydrage
oan natuer en lânskip en dat der in gefoel is dat de sektor der allinnich
foarstiet.
Leemhuis-Stout die ek in suggestje: jou ús it ministearje fan Lânbou
werom. Letter dat jier waard Carola Schouten minister fan Lânbou. Dan
komt de fraach: wat kin dat ministearje foar ús betsjutte?
De gearwurking yn de regiodeals is prima. It hat yn elts gefal 25 miljoen
euro opsmiten foar de regiodeal Noardeast-Fryslân.
It departemint kin ek in soad oan ús hawwe. Wy binne in unyk
proefgebiet dêr‘t de rest fan it lân ek profyt fan ha kin. Tink dêrby oan
inisjativen fan ûnderop, yn it feangreidegebiet. Lykas yn Aldeboarn/De
Deelen. It mes kin hjir oan ferskate kanten snije, it kin ek wat betjsutte
foar it klimaat.
Mar in departemint is net in doel op himsels …
De takomst fan de sektor, dy’t woartele is yn ús mienskip, hat takomst as
wy harren ek romte jouwe.
Mar: de konsepten fan it ferline, binne net altyd de konsepten fan de
takomst. De lânbou hat yn ús provinsje wis en wrachtich takomst mar it
sil ek oars moatte, mei mear omtinken foar de kwalitative groei fan de
sektor.
Der wurdt by de transformaasje ek in ynspanning frege fan de
koöperaasjes, de banken, feevoedselprodusinten en net te ferjitten: de

3
konsumint! Binne wy ek ree mear as de hjoeddeistige 14% fan ús
ynkommen te beteljen foar ús iten?
Wy binne en bliuwe in lânbouprovinsje mei in grutte ynnovaasjekrêft.
Dêrom binne wy tankber dat ús minister fan Lânbou witten litte hat dat sy
graach ree is sprekker wêze te wollen op de njoggende Rede fan
Fryslân, letter dit jier.
Lêste punt: heechlearaar Caspar van den Berg fynt dat it nasjonale
parlemint regionaler moat. Groeiende regionale ferskillen bedriigje de
bestjoerberens fan Nederlân. Yn plattelânsregio’s bestiet it gefoel dat de
eigen kulturele identiteit bedrige wurdt troch in lytse, mar dominante
groep ut‘e Rânested.
De ferpyldering (verzuiling) hat plak makke foar bubbels. Yn hokker
bubbel sitte jo?
Neffens Van den Berg meie en kinne de partijen it lûd út de regio net
negearje. It is yn nasjonaal belang om de regionale ferskillen lytser te
meitsjen. Want der komt wat op ús ôf:

  • enerzjytransysje
  • de klimaatadaptaasje
  • de kustbeskerming
  • en de wenningbou.
    De grutte stêden hawwe it lânlike gebiet nedich.
    Ik rekkenje derop dat it rapport fan de Staatscommissie Parlementair
    Stelsel – Lage drempels, hoge dijken – fan Remkes foar it regear
    oanlieding wêze sil om de fersterking fan de regionale komponint fan ús
    parlementêre stelsel fierder út te wurkjen.
    Achte oanwêzigen!
    It Frysk folksliet sprekt oer: ‘it bêste lân fan d’ierde’ …
    Dat kin grif sa wêze, mar wy binne net better as oare minsken…
    miskien wol wat oars.
    Wy binne fol selsbetrouen de drompel fan 2020 oer gongen.
    Wy binne selsbewust, wy leauwe yn mooglikheden, de takomst… en
    kleurje dy graach sels yn.
    Wy kinne yn Fryslân fytse sûnder ‘sydtsjillen’.

4
Wy binne in fitale Europeeske regio yn ferbining mei oare provinsjes en
mei oare regio’s yn Europa.
Wy binne – en der is hy wer – in iepen mienskip…
Mar… jou ús de romte! Mooglikheden genôch.
Of’t it no de boeren binne dy’t harren bern ek graach takomst jaan wolle
op harren bedriuw …
Of’t de bern dy’t graach better Frysk ûnderwiis op skoalle ha wolle.
Ik winskje jimme fanút persoanlik perspektyf in soad Lok mar boppenal
Seine ta foar 2020!!

Vertaling in het Nederlands:

Nijjierstaspraak kfdK drs. A.A.M Brok
Provinciehuis Leeuwarden 3 januari 2020
Gesproken woord geldt!
Beste mensen!
Het gaat goed met Fryslân!
– Het gaat goed ontmoet Cambuur (Liwwadders)!
– Het tal banen in Fryslân neemt ter
– Het tal inwoners groeit
– De beste supermarkt van Nederland is de Poeisz
– Omloop is het meest duorsume bedrijf van Nederland
– De sterkst groeiende regio’s in Nederland qua economie in 2020 zullen
zijn: regio Utrecht, Amsterdam, Eindhoven en de regio Súdwest Fryslân!
En last but least…
De export na buiten Fryslân vanuit de Dokkumer Vlaggen Centrale van
de Friese vlag is de laatste halfjaar toegenomen met 30% …
De Friese vlag wappert buiten onze provincie al lang niet meer alleen op
het etiket van de koffiemelk
Op de drempel van het nieuwe jaar is er ook schaduw …
Ouders uit Drachten moeten door een stekparty afscheid nemen van hun zoon,
die op de Intensive Care precies 16 jaar geworden wie…
In de mist van oudejaarsdag komt een 58-jarige inwoonster van Dokkum om op de snelwegk bij Akkrum… tientallen auto’s botsten in de dichte mist
op elkaar.
Wat zegt ‘succes’ als jouw kind, jouw partner s avonds niet meer thuis komt…
Als eerste wel ik kort ingaan op het kontainerramp met de MSC Zoe …
Tonnen aan plastic kwamen in onze ecosysteem.
Van de 342 kontainers zijn 301 gevonden en dankzij veel vrijwilligers
en instanties is er veel opgeruimd.
Maar … het is schrijnend om te zien dat de reder een ‘kat en muisspel’ lijkt te spelen over de kosten van deze ramp …

2
Een moreel appel is richtte aan dovemansoren.
Voor het Waddengebied is er ook goed nieuws! Op 1 januari gezet, na een lange
politieke discussie in De Haag, de Beheersautoriteit Waddenzee begonnen! De hoofdvestiging komt in Leeuwarden.
Tweede punt: 2019 was voor de provinciale politiek het jaar van een nieuwe ronde.
Verkiezingen in maart. Nieuwe Provinciale Staten en een nieuw College.
Wie zegt dat provinciale politiek saai is, heeft het opnieuw mis.
Er was in en om dit huis genoeg ‘ferdivedaasje’….
Veel eigenaren van onze 308.000  melkkoeien  kwamen op bezoek en niet zonder reden.
Een 2017 zei Kommissaris Leemhuis-Stout op dit plaats bij het nijjierssûpke
dat er een gebrek is aan waardering voor de boeren voor hen bijdrage
aan natuur en landschap en dat er een gevoel is dat de sector er alleen
voorstaat.
Leemhuis-Stout deed ook een suggestie: geef onze het ministerie van Landbouw
terug. Later dat jaar werd Carola Schouten minister van Landbouw. Dan
komt de vraag: wat kan dat ministerie voor onze betekende?
De samenwerking in de regiodeals is prima. Het heeft in ieder geval 25 miljoeneuro opgeleverd voor de regiodeal Noardeast-Fryslân.
Het departemint kan ook veel aan onze heeft. We zijn een uniek
proefgebiet dêr‘t de rest van de land ook profyt van heb kan. Denk daarbij aan initiatieven van ûnderop, in het veenweidegebied. Zoals in Aldeboarn/De
Deelen. Het mes kan hier aan diverse kanten snijden, het kan ook wat betjsutte
voor het klimaat.
Maar een departemint is niet een doel op zich …
De toekomst van de sector, die woartele is in onze gemeenschap, heeft toekomst als
we hen ook ruimte geven.
Maar: de konsepten van het verleden, zijn niet altijd de konsepten van de
toekomst. De landbouw heeft in onze provincie zeker en wrachtich toekomst maar het
zal ook anders moeten, met meer aandacht voor de kwalitative groei van de
sector.
Er wordt bij de transformaasje ook een ynspanning gevraagd van de
koöperaasjes, de banken, feevoedselprodusinten en niet te vergeten: de

3
konsumint! Zijn we ook bereid meer als de hedendaagse 14% van onze
inkomen te betalen voor onze eten?
We zijn en blijven een lânbouprovinsje met een grote ynnovaasjekrêft.
Daarom zijn we dankbaar dat onze minister van Landbouw weten laten heeft dat zij
graag bereid is spreker zijn te willen op de negende Redden van
Fryslân, later dit jaar.
Laatste punt: hoogleraar Caspar van den Berg vindt dat het natioonale
parlemint regionaler moet. Groeiende regionale verschillen bedriigje de
bestjoerberens van Nederland. In plattelânsregio’s bestaat het gevoel dat de
eigen culturele identiteit bedreigd wordt door een kleine, maar dominante
groep ut‘e Randstad.
De ferpyldering (verzuiling) heeft plaats gemaakt voor bubbels. In welke
bubbel zitten u?
Volgens Van den Berg mogen en kunt de partijen het geluid uit de regio niet
negearje. Het is in nationaal belang om de regionale verschillen kleiner te
maken. Want er komt wat op onze af:
– enerzjytransysje
– de klimaatadaptaasje
– de kustbeskerming
– en de wenningbou.
De grote steden heeft de landelijke gebied nodig.
Ik rekenen daarop dat het rapport van de Staatscommissie Parlementair
Stelsel – Lage drempels, hoge dijken – van Remkes voor het regering
aanleiding zijn zal om de  versterking van de regionale component van onze parlementêre stelsel verder uit te werken.
Geachte aanwezigen!
Het Fries volkslied spreekt over: ‘het beste land van de aarde’ …
Dat kan zeker zo zijn, maar we zijn niet beter als andere mensen…
misschien wel wat anders.
We zijn vol zelfvertrouwen de drempel van 2020 over gingen.
We zijn zelfbewust, we geloof in mogelijkheden, de toekomst… en
kleuren die graag zelf in.
We kunnen in Fryslân fietsen zonder ‘sydtsjillen’.

4
We zijn een vitale Europese regio in verbinding met andere provincies en
met andere regio’s in Europa.
We zijn – en er is hij weer – een open samenleving…
Maar… geef onze de ruimte! Mogelijkheden genoeg.
Of’t het nu de boeren zijn die hen kind ook graag toekomst geven willen
op hen bedrijf …
Of’t de kind die graag beter Fries onderwijs op school heb willen.
Ik wensen jullie vanuit persoonlijk perspektieff veel Geluk maar vooral
Zegen ter voor 2020!!

Posted in: ameland actueel